Nederlân

Ut Unsyklopedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Nederlân is in regio yn Dútslân dêr't mear bûtenlanners as lânseigen minsken wenje. Mei in supertolerante hâlding besocht de lânseigen befolking de bûtenlanners fuort te krijen, mar ûnderwylst binne ek de jonge Marrokanen en Negers slij nei drugs en alkohol. Superdiktator Geert Wilders besiket fan Nederlân de alderbêste fakânsjeregio fan Dútslân te meitsjen troch superwite skonken fan paken en beppen nei it lantsje ta te heljen.

[bewurkje] Skiednis

Ynienen wie der in lân mei de namme Nederlân yn de 19e ieu. De beppe fan Napoleon woe de Dútsers in kear yn 'e mjitte komme en doe hawwe se it kâlde wetterlân by de Ryn lâns ynpoldere en oan de Dútsers jûn. It kâlde polderlân wie saai en ferfeelsum, dêrom brouden de minsken it goedkeapste bier fan de wrâld: Heineken. Om't de Dútske ekonomy der sa tige min foar stie waard besletten om fan Heineken in eksportprodukt te meitsjen.

[bewurkje] De minsken

In foarbyld fan in echte Nederlânske frou.

De minsken yn Nederlân binne niks oars as de minsken yn de rest fan Dútslân. Lykwols wolle se gjin Dútsers wêze, ek al hawwe se deselde eigenskippen (beide it mier oan Frânsen). De manlju en froulju binne gemiddeld frij grut om sa harren kop boppe wetter hâlde te kinnen. Lykwols hat út ûndersyk bliken dien dat de klompen dy't se oan hawwe goed binne foar 8 sintimeter fan de langte.

Persoanlike ynstellings
View and edit namespaces data

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
Arkkiste