Feriene Steaten fan Amearika

Ut Unsyklopedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Feriene Steaten fan Amearika
Flagge fan Feriene Steaten fan Amearika Wapen fan Feriene Steaten fan Amearika
Flagge Wapen
Lokaasje fan Feriene Steaten fan Amearika
Offisjele taal Esperanto
Haadstêd George-Washington-Stêd
Steatsfoarm Gjin
Gebiet km²
Ynwenners De helte minder sûnt 11 septimber 2011
Munt Euro (EUR)

De Feriene Steaten fan Amearika (ek wol Disneylân neamd) is in lân en fast food paradys, de haadstêd is Hollywood.

Skiednis

De trochsnee Amerikaanske frou sjocht der krekt sa út as dizze fjouwer fammen.

Om't it wite Amearika de grutte kriich tsjin de swarte Feriene Steaten wûn hawwe de wite Amerikanen de Feriene Steaten ta-eigene, sûnt binne de beide lannen ien en mien as de Feriene Steaten fan Amearika. De swarte befolking sjocht it wurdsje fan yn de lânsnamme as diskriminaasje. Nei de gearfoeging fan beide lannen waarden de fast food fans de grutste passifisten fan it lân. Doe't de passifisten yn dy restaurants bizonfleis krigen waarden se dûm. Dêrom foelen se Dútslân oan yn in tiid dat de Dútslannerkes bestjoerd waarden troch in freedsume diktator. Doe't se úteinlik wer bratwursten op it menu sette koenen waard it ferlet fan oarloch al wat minder. Mei wat roppen en razen nei de Sowjetuny waard de Feriene Steaten fan Amearika oergryslik populêr yn de Arabyske lannen. Yn Kanada gong it krekt sa. Dêr waard it Ingelsk ynfierd as standerttaal, allinnich yn Quebec binne noch wat Frânsktaligen oerbleaun.

Polityk

It lân is bestjoerlik in gaos. Earst begûn ien of oare keizer Bush mei oarloch tsjin de Taliban en fuotballer Osama bin Laden. Nei keizer Bush mocht de broer fan Osama, Barack Hussein Obama, foarsitter fan de kriichsried wurde. Barack Obama wol foar de Amerikaanske fast food restaurants gjin konkurinsje en hat dêrom besletten om alles yn te setten op de ynternasjonale polityk. De Amerikanen binne de betinkers fan de demokrasy en dy sille se oare lanen ek efkes oplizze. As dat dien is bouwe se fast foods restaurants. Fierders binne de Amerikanen drok dwaande om de iennichste taal dy't sy prate, nammentlik Esperanto, as standerttaal yn de ferovere lannen yn te fieren.

De wite Amerikanen hellen de harren swarte meibewenners út de ferfeelsume Savannen fan Afrika. Doe't se de Feriene Steaten fan de swarten oermastere hienen koe de Feriene Steaten FAN Amearika syn politike systeem fan 'Apartheid' ynfiere. De 3K is in multykulturele organisaasje dy't noed stiet foar de rjochten fan de swarten. At de swarten net om lyk wolle kinne de seediken troch de 3K trochstutsen wurde om harren getto ûnder wetter te setten (krekt as yn New Orleans). De Apartheid wie sa populêr dat se it systeem yn Súd-Afrika fuort ek mar ynfierden.

Skoalsysteem

Foaral op it mêd fan geografy dogge Amerikaanske skoalbern it goed. It regear fynt soks fan grut belang. Sa kinne de Amerikanen tige krekt sizze hokfoar lân goed is en hokker lannen kwea binne.