Europeeske Uny

Ut Unsyklopedy
Gean nei: navigaasje, sykje

"Wannabes!"

~ Feriene Steaten fan Amearika oer de USE EU
Flagge fan de EU. Elk stjerke stiet foar in putsjebedriuw.

De Europeeske Uny is in feriening fan putsjebedriuwen. De EU is ferantwurdlik foar sneldiken en grinzen en mei in bokje yn 'e bek wurde de kontrakten ferparte ûnder de leden fan de uny. De haadstêd fan de uny is Achlum en it folksliet fan de uny is The final countdown.

Doel[bewurkje]

De mânske roman EU foar dummy's jout in goed byld fan it wurk en it doel fan de Europeeske Uny:

Yn it begjin stelle de minsken yn in EU-lidsteat in probleem fêst. De bewenners fan dat lân komme dan yn de haadstêd by elkoar en kinne dan fêststelle dat in sprekker sûnder mikrofoan net te ferstean is. Slim teloarsteld set it folk dan wer op hûs oan. At se dan thús binne sette se dochs it TV-kastke mar oan. Dêr seit de polityk dan dat it regear fan dat lân op Europeesk nivo net sa bêst meidocht en dat in mikrofoan dêr neat oan feroarje kinne soe. Dan folgje ferskate analyses mei ferfeelsume feiten en politike prosessen, mar it komt hast altiten op itselde del: It probleem leit der noch, mar it probleem is no wol wer goed teplak kommen, nammentlik dêr wêr't it probleem wei kaam en wêr't it probleem thús heart: By it folk....

Skiednis[bewurkje]

Hjir in âlde grins dy't eartyds om De Wâlden hinne lei, dêrtroch koenen de pikefangers harren aaien net om utens ferkeapje.

Yn it ferline spaanden der allinnich mar nomaden yn Europa om. Sa ynienen hienen dy har nocht fan it swalkjen en woenen net wer op paad. De nomaden waarden boeren en stedsjebouwers. Krekt as altyd wienen it de boeren dy't problemen joegen. Sy jakkeren mei harren jarretank troch de miente, krekt as wienen it noch nomaden. Dêrtroch kamen se ek wolris oer de grins en begûnen se te jarjen yn oare lannen. Dat jarjen waard lang om let narjen en sa koe it wêze dat twa lannen spul mei elkoar hienen. Dat joech dochs wol sa'n alderferskuorrendste grutte wille, sadat oare lannen ek graach meifjochtsje woenen.

Nei de Twadde Wrâldkriich hienen de pikefangers út De Wâlden it dreech. Hja koenen de aaien net mear kwytreitsje oan it folk yn eigen kriten. Doe kamen de pikefangers mei it idee om in uny foar pikefangers op te setten, de saneamde Aai Uny wie fuort in ûnbidich grut sukses. De uny waard útrweide en krige ferskate organen lykas in Europeeske Kommisje, hert, longen, lever en it Europeesk Parlemint. Om't de aaikes fan de pikefangers sa lekker wienen woenen se dy yn oare lannen ek wol graach hawwe, sadat de EU him útwreidzje koe nei it easten ta mei lannen as Egypte en Israel.

Lidsteaten[bewurkje]

De toer fan Babel en it Europarlemint... Sykje de ferskillen!

Der binne sa likernôch 27 lidsteaten, mar hoefolle oft it der no krekt binne is noait wis. Yn de lidsteaten wurde ek noch ferskate talen sprutsen, hoewol't de wittenskip al lang sjen litten hat dat meartaligens skealik is foar de sûnens. It kostet ek in protte jild om allegear oersetters betelje te kinnen. Om't it allegear weismiten jild is hat Nederlân besletten om it Ingelsk offisjeel as wrâldtaal te erkennen, hoewol't de Belgen noch hieltyd praten oer in histoarysk fersin om't sy tinke dat Nederlân it Belgysk as wrâldtaal oannimme moat. Yn Poalen en Tsjechje is Dútsk erkend as de nije wrâldtaal, en yn Dútslân wurdt it lânseigen taaltsje út it stee krongen troch it dêr offisjeel erkende Ingelsk en Frânsk.

De EU wol der o sa graach wat rike lannen by hawwe lykas Switserlân en Noarwegen. Ut dy lannen wei soe der in protte jild nei de EU ta komme as de grinzen (krekt as in daam) iepensteld wurde soenen. It is wol dúdlik dat allinnich de EU belangstelling hat by it lid wurden fan dy lannen wylst de lannen sels wol better witte. Binnen de EU is der ek noch in Eurozône dêr't sûnt 2010 de Dollar as wettich betelmiddel brûkt wurdt.